Takomst Superwinkels ûndúdlik

19 okt 2009 - 14:16
  • Jumbo nimt Super de Boer oer

It is noch net dúdlik wat der bart mei de 25 festigings fan Super de Boer yn Fryslân. Moandei waard bekend dat Super de Boer foar in heal miljard euro oernommen wurdt troch Jumbo. Alle Fryske meiwurkers hawwe fan Super de Boer in brief krigen oer de oername.

Neffens de FNV wurdt pas takom jier maart of april dúdlik hokker winkels bliuwe, hokker omboud wurde ta Jumbo en hokker mooglik tichtgean of trochferkocht wurde. Super de Boer hat in distribúsjesintrum yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)