Takomst stúdzje Frysk noch ûnwis

11 jan 2001 - 09:53

As de stúdzjerjochting Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam opheft wurdt, oerwaget heechlearaar Frysk Gorter juridyske stappen. Woansdei makke de letterefakulteit yn Amsterdam yn in konvenant ôfspraken oer de kommende 4 jier oangeande alle letterestúdzjes.

Oer de stúdzje Frysk wurdt allinnich sein dat op koarte termyn in beslút naam wurde sil oer it fuortbestean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)