Takomst skoalle Kollum ûnwis

25 nov 2004 - 12:27

De Wurkgroep Behâld Piter Jelles yn Kollum hie woansdei hope op in krêftich advys fan de MR oan it bestjoer wêryn't frege wurdt om mear tiid en dúdlikheid. It bestjoer fan skoallemienskip Piter Jelles makke koartlyn bekend de festiging yn Kollum slute te wollen om't der te nim learlingen binne.

De wurkgroep wol dy plannen keare en stapte dêrom nei de MR fan de skoalle. Dy moat advys útbringe oan it bestjoer. De MR woe lykwols noch neat tasizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)