Takomst Schuurmans faai

21 feb 2014 - 11:21
  • Fjoerwurk

It kin noch wol wiken duorje foardat der mear dúdlik is oer de takomst fan fjoerwurkbedriuw Schuurmans út Ljouwert. Dat seit kurator Ineke Grijpma fan De Haan Advocaten. Schuurmans is koartlyn fallyt ferklearre, omdat it troch de ekonomyske krisis minder ferkocht as yn 't foar tocht.

Grijpma seit dat der fiif serieuze oernamekandidaten foar Schuurmans binne, mar dat noch net dúdlik is hokker ûnderdielen fan it bedriuw ferkocht wurde kinne. De kurator wachtet op it taksaasjerapport dêroer.

Se ferwachtet pas yn maart mear sizze te kinnen oer de oername fan it bedriuw. By it fallisemint ferlearen 16 minsken harren baan. Schuurmans wie de âldste fjoerwurkymporteur fan Nederlân en bestie sûnt 1812.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)