Takomst Santekraam Grou ûnwis

30 jul 2009 - 10:47

De takomst fan de Grouster Santekraam stiet faai. De fiifkoppige kommisje dy't de rommelmerk organisearret siket minsken dy't har taken oernimme wol. Dêr komt by dat it draachflak ûnder ferienings om oan de Santekraam mei te wurkjen bot ôfnimt.

Grouster ferienings krije in part fan de opbringst as sy meihelpe oan de rommelmerk. As der gjin nije kommisjeleden foar de organisaasje fûn wurde, sil de tritichste Santekraam yn septimber mooglik de lêste wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)