Takomst nije iishockeykompetysje bekend

17 maaie 2015 - 15:11
  • UNIS Flyers

Takom seizoen sille de iishockeyers fan de UNIS Flyers it opnimme tsjin ploegen út Nederlân en België. De Keninklike Belgyske IIshockey Federaasje en it Nederlânske IIshockeybûn sille fan it seizoen 2015-2016 ôf tegearre in kompetysje organisearje.

Achttjin teams werûnder de UNIS Flyers ha harren ynskreaun foar dizze BeNe-league. De teams sille yn it earste seizoen yn twa pûls om it kampioenskip stride. Fan 2016-2017 ôf wurde der twa divyzjes op sterkte yndield. Njonken dit kampioenskip is der yn beide lannen ek in aparte bekerkompetysje.

Earder ûndersocht Nederlân al in gearwurking mei de Dútske iishockeykompetysje, mar dat gie doe net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)