Takomst maraton Ljouwert faai

13 maaie 2010 - 17:34
  • Maraton fan Ljouwert 2009

De maraton van Ljouwert wurdt dit jier mooglik foar it lêst holden. Der is te min belangstelling foar it rinnen fan de 42,2 kilometer. Der binne noch mar goed 100 oanmeldings. Der wie rekkene op mear as 400. De organisaasje, Stichting Gezonde Stad Leeuwarden, hat mei in nije rûte noch besocht mear rinners te lûken, mar dat is net slagge.

It parkoers wurdt no ek wer oanpast. Maratonrinners moatte twa kear itselde stik fan de heale maraton rinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)