Takomst Laurus Drachten ûnwis

30 jun 2006 - 08:56

De takomst fan it Laurus distribúsje- sintrum yn Drachten bliuwt ûnwis. De supermerkketen makke tongersdei bekend in distribúsjesintrum yn Renswoude te sluten. By it sintrum yn Beilen ferdwine 50 plakken. Dat hat te krijen mei in grutte reorganisaasje.

Laurus hat jildproblemen en hat dêrom de supermerken Edah en Konmar ferkocht. Soks hat ek gefolgen foar de ferskate distribúsjesintra. Yn Drachten wurkje goed 50 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)