Takomst jongereinsintrum faai

17 okt 2011 - 11:13
  • Casa (foto: Jan Durk de Haan)

De PvdA yn de gemeente Hearrenfean wol dúdlikens hawwe oer de takomst fan jongereinsintrum Casa. It sintrum is ferline jier iepene as opfangplak foar strjitjeugd. Mar no't de diskoteek út it gebou gien is, wurdt de hier mooglik te heech en stiet de takomst faai. It sintrum falt ûnder it yntegraal jeugdbelied fan de gemeente. De PvdA wol no witte hoe't de saken der krekt foarstean en hoe't de gemeente tsjin de takomst fan it sintrum oansjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)