Takomst Friesland Vlees ûnwis

31 jul 2008 - 17:16
  • Noch gjin dúdlikheid...

De takomst fan slachterij Friesland Vlees yn Ljouwert bliuwt noch in wike ûnwis. FNV-bestjoerder Heijnen hie tasein dat hy tongersdei dúdlikheid jaan koe oer in oernamekandidaat, mar hy koe allinnich sizze dat der noch fierder ûndersyk nedich is.

De potensjele oernamekandidaat wol yn elts gefal better útsykje hoe't Friesland Vlees juridysk ynelkoar stekt en oft der gjin liken út de kast komme. Heijnen hâldt wol betrouwen yn de kânsen op in oername.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)