Takomst Fier Fryslân ûnwis

07 maaie 2014 - 10:25

De takomst fan Fier Fryslân yn Ljouwert stiet mooglik faai fanwege de oansteande desintralisaasje fan de jeugdsoarch yn Nederlân. Fier Fryslân fangt famkes op dy't mishannele binne of gefaar rinne. De finansiering dêrfoar is no noch lanlik regele. Fan 2015 ôf binne gemeenten hjir ferantwurdlik foar. Dat is yngewikkeld en dreech te regeljen. Allinnich Rotterdam en Amsterdam hawwe oant no ta tasein. As in part fan de 400 gemeenten yn Nederlân net meidocht stiet it bestean fan Fier Fryslân op de tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)