Takomst El Makrini noch ûnwis

23 maaie 2013 - 17:10
  • SC Cambuur

It is noch net dúdlik wêr't de sportive takomst fan Mohamed El Makrini leit. It kontrakt fan de middenfjilder fan Cambuur rint nei dit seizoen ôf. 'De gesprekken met Cambuur zijn wel geopend, maar er is nog geen concrete aanbieding gedaan', sa lit El Makrini witte.

Ek Michiel Hemmen en Tim Bakens sitte yn de wachtkeamer, mar neffens trainer Henk de Jong wol Cambuur ek noch mei harren om tafel. Wout Droste en Erik Bakker ferlingden harren kontrakt woansdei mei twa jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)