Takomst Cambuur bliuwt spannend

02 mrt 2006 - 00:00

De takomst fan fuotbalklup Cambuur yn Ljouwert bliuwt foarearst spannend. Der binne noch twa grutte betingsten. Der moat om te begjinnen in oplossing komme foar de skuld fan oardel miljoen, dy't de klup noch ústean hat by skuldeaskers. Ek moatte jildsjitters en gemeente it iens wurde oer de erfpacht.

In groep fan ûnder oare fjouwer Ljouwerter sakelju wol it stadion oerkeapje. Op syn lêst oer trije wike moat bekend wêze oft dit slagget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)