Takomst bylde-atelier ûnwis

07 des 2001 - 00:00

It bylde-atelier It Ooste yn Koudum sil wierskynlik ferhúzje. De kursussen dy't de byldhousster jout soene tefolle oerlêst jaan. Ek soene der hokjes stean dy't sûnder fergunning boud binne.

Nei klachten fan buorlju wol de gemeente de yllegale bou net mear troch de fingers sjen. Atelierhâldster Bovenkerk jout de moed noch net op, mar sjocht wol om har hinne foar in nij pân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)