Takomst agrarysk natoerbehear

18 nov 2011 - 19:39
  • Jongfee

Ek yn tiden fan besunigings is der takomst foar agrarysk natoerbehear yn Fryslân. Dat sei lânboudeputearre Johannes Kramer freed nei ôfrin fan in wurkbesite fan Twadde Keamerleden oan nasjonaal lânskip de Noardlike Fryske Wâlden.

Keamerleden binne oproppen har yn Den Haach sterk te meitsjen foar taslaggen foar boeren. Dêrneist moat der foar soarge wurde dat kollektyf agraryske natoerbehear ûnderdiel wurdt fan nij Europeesk lânboubelied.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)