Takom wike nije kommissaris

07 maaie 2008 - 10:27
  • Fan Freed ôf is John Jorritsma de nije Kommissaris fan de Keninginne

De nije kommissaris fan de keninginne John_Jorritsma wurdt takom wike freed ynstallearre op in feestlike gearkomste fan Provinsjale_Steaten. Dêr sil de nije kommissaris tasprutsen wurde troch loko-kommissaris Galema en sil de foarsittershammer oerdroegen wurde troch de fize-foarsitter Benedictus.

Nei ôfrin is yn it Natuermuseum foar elk gelegenheid om yn ´e kunde te kommen mei Jorritsma en syn frou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)