Takom wike beslút oer takomst SC Hearrenfean

01 sep 2015 - 20:23
  • Bestjoer SC Hearrenfean

It stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean beslút takom wike oer de takomst fan de klup. Dat seit foarsitter Anne Hettinga. It bestjoer hat tiisdeitemiddei mei alle tsien leden byelkoar west om te praten oer it funksjonearjen fan de deistige lieding fan Hearrenfean.

Sûnt twa jier bestiet dy lieding út sân minsken dy't it 'one-tier-board' hjit. Jelko van der Wiel is hjirfan de foarsitter. It stichtingsbestjoer fynt dat dizze wurkwize evalueard wurde moat. Jos Vaessen en Lense Koopmans ha hjir in rapport oer skreaun.

Dat rapport is tiisdei troch it bestjoer bepraat. Sawol Van der Wiel as Anne Hettinga wolle neat oer de ynhâld sizze.

Jelko van der Wiel seit dat er op de hichte is fan it rapport, mar wit neat fan de ynhâld. "Ik sil dat noch wolris hearre," sa lit er witte. "Fierder kin en wol ik der ek net al te folle oer sizze. We binne hjir hurd oan it wurk by de klup en we hearre wol wat it stichtingsbestjoer wol."

Anne Hettinga seit it folgjende: "Wy beslisse takom wike oft wy nei bûten komme mei ús beslissing. Welke kant dat op giet? Dan gean ik suggerearen en dat hat net safolle doel."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)