Takom jier wer grêftswimmen yn Dokkum

06 sep 2015 - 09:50

It swimmen yn de grêften fan Dokkum wurdt in jierliks weromkommend evenemint. Dat is sneon sein nei de earste dei, wêrby't sa'n 60 rekreanten in ôfstân fan 500 meter swommen by de mûne Zeldenrust. De organisaasje is tige tefreden oer it ferrin fan de earste dei. Der wie mar ien útfaller.

Snein om 13.00 oere is der foar de earste kear in offisjele wedstriid, oer in ôfstân fan goed 1800 meter. De start is opnij by mûne Zeldenrust. Dêr hawwe har 90 dielnimmers ynskreaun foar de wedstriid.

It swimmen yn de grêften is tagelyk mei de Admiraliteitsdagen. De organisaasje wol ek takom jier dy kombinaasje sykje, omdat der dan in protte publyk yn de stêd is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)