Takom jier wer Explorefestival

24 nov 2013 - 16:31
  • Noarske sjonger Moddie yn Steateseal op Explore the North

It Ljouwerter festival Explore the North wol groeie troch net nochris twa jier te wachtsjen op in nije edysje. As it heal kin wolle de organisatoaren it festival it kommend jier al hâlde. It kulturele festival op ferskate lokaasjes yn it sintrum fan Ljouwert hat in lytsskalich karakter en luts sneon 1500 besikers. Dat is itselde as yn 2011 doe't it foar it earst hâlden is. Doetiids wie it programma noch ferdield oer in hiel wykein. Uteinlik is it de bedoeling om te groeien nei 3.000 besikers.

Likernôch de helte fan de kaarten is yn foarferkeap ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)