Takom jier tagongspoartsjes op Ljouwerter stasjon

29 jun 2015 - 20:06

De NS sil op it stasjon fan Ljouwert fan 2016 ôf tagongspoartsjes ynfiere. Sûnder in OV-chipkaart binne gedielten fan it stasjon dan net mear tagonklik. It stasjonsgebou en de fuotgongerstunnel ûnder it spoar troch nei de wyk Huzum bliuwe wol tagonklik.

De gemeente hat dêr by de NS op oantrune om't in soad minsken gebrûk meitsje fan de tunnel as trochgongsrûte. De winkelsaken en de hoareka bliuwe ek tagonklik foar publyk sûnder OV-chipkaart.

Earder wie de gemeente Ljouwert noch kritysk oer de poartsjes, benammen mei it each op de Kulturele Haadstêd yn 2018. De poartsjes soenen net gastfrij wêze.

It treinstasjon fan It Hearrenfean krijt earder al de tagongspoartsjes. Dy wurde noch foar de ein fan dit jier ynfierd. Ljouwert sil it 82e stasjon yn ús lân wêze dêr't minsken sûnder kaartsje of OV-chipkaart gjin tagong mear hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)