Takom jier noch gjin WK surfen

02 okt 2006 - 11:57

It slagget twa ûndernimmers út Makkum net om takom jier al in WK wynsurfen te organisearen. Dat is de konklúzje, in heal jier neidat it plan bekendmakke waard.

It tsiendaachse evenemenint moat 100.000 besikers nei de Iselmarkust lûke. Om de begrutting fan sân ton en de organisaasje slutend te krijen ha de ûndernimmers lykwols langer tiid nedich. It stribjen is no om yn 2008 in World Cup wynsurfen te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)