Taken fan gemeente nei doarpen

22 des 2011 - 09:37

De gemeente Tytsjerksteradiel moat ûndersykje oft doarpen en wiken taken fan de gemeente oernimme kinne. Dat stiet yn in moasje fan it CDA, dy't tongersdei yn de gemeenteried bepraat wurdt. Sa'n ûndersyk moat antwurd jaan op de fraach hokker saken doarpen sels wol dwaan kinne en hoefolle jild se dêrfoar nedich hawwe.

It giet dan bygelyks om it behear fan in jachthaven, sa't minsken út Aldtsjerk en Earnewâld sels dogge, of it behear fan in pjutteboartersplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)