Takeljen potfisk mislearre

30 jul 2013 - 14:23
  • De potfisk wurdt út it wetter wei hyst

Yn Harns wurdt tiisdei opnij besocht de deade potfisk út te wetter te heljen. Oan de ein fan de moarn slagge dat net. Doe drige de sturt fan de fisk yn te skuorren. De fisk waard oan in kabel oan de sturt optakele. Besocht wurdt no om it bist horizontaal út it wetter te krijen. Dêrfoar is in bân om de kop en ien om de sturt lein. Mar de bân om de kop glidet hieltyd fuort. Der wurdt no in tredde bân by helle.

De potfisk leit yn de haven fan Harns. Dêr is er hinnebrocht, neidat er moandeitejûn deagie op it strân fan Skylge.

De tocht fan Skylge nei Harns duorre sawat acht oeren. It bist waard dêrby lutsen troch twa skippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)