Tagongsferbod hoareka Boalsert

03 des 2009 - 20:43

Minsken dy't oerlêst feroarsaakje yn de Boalserter hoareka, kinne tenei in tagongsferbod krije. 16 hoarekasaken, de gemeente, de plysje en it Iepenbier Ministearje tekenje dêr nije wike freed in oerienkomst oer. De partijen wolle sa oerlêst en útgeansgeweld yn Boalsert tsjingean.

As ien foar problemen soarget, wurdt per gefal besjoen wat foar tagongsferbod oplein wurdt. Dat kin jilde foar ien kroech, foar alle kroegen of foar it hiele útgeansgebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)