"Tagong ta havens Drachten, It Hearrenfean is abominabel"

17 jan 2015 - 11:55
  • Foarsitter Ype Dykstra fan Schuttevaer Noord-Nederland

Der moat mear ynvestearre wurde yn de wetterwegen fan Noord-Nederlân. Dat seit Ype Dijkstra, de foarsitter fan skippersferiening Koninlijke Schuttevaer, ôfdieling Noard. Benammen de tagong ta de havens fan Drachten en It Hearrenfean is neffens Dykstra striemin. Sneon is de jierlikse gearkomste fan Koninklijke Schuttevaer yn Drachten.

Dykstra seit dêr dat de polityk yn syn eagen folle mear dwaan moat om de farferbinings te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)