Tagong fersoargingshûs dreger

18 des 2012 - 16:46

It wurdt aanst folle dreger foar âlderein of minsken mei in lytse beheining om yn in fersoargingstehûs te kommen. Se moatte folle langer op harsels wenjen bliuwe en moatte dat noch sels betelje ek. Wat de help oanbelanget sille se in berop dwaan moatte op frijwilligers en mantelsoargers. Om derachter te kommen om hoefolle minsken it giet wurdt der in ûndersyk dien yn de doarpen Akkrum, Grou en De Gordyk. De kosten, 80.000 euro, wurde betelle troch de provinsje, Boarnsterhim, Opsterlân en de stifting Mienskipssoarch.

Wethâlder Wietze Kooistra fan Opsterlân tinkt dat tsientallen minsken út syn gemeenten troffen wurde sille troch de nije regels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)