Tafersjochhâlders slein en bedrige yn Ljouwert

01 jan 2016 - 10:07
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

Twa manlju binne op âldjiersdei oanhâlden omdat se in tafersjochhâlder slein en bedrige hiene. In 24-jierrige Ljouwerter waard dy jûns oansprutsen op de Nijstêd omdat er dêr stie te pisjen. De man wegere him te identifisearjen. Doe't er oppakt waard, sloech er in tafersjochhâlder.

In 54-jierrige man út Almere bedrige dy middeis oan it Ruterskertier in tafersjochhâlder. Hy besocht de man te skoppen en te slaan. De Almeerder is ek oanhâlden. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)