Tafersjochhâlder mishannele

17 feb 2012 - 10:03

    Yn Snits is tongersdei in tafersjochhâlder fan 'e gemeente mishannele troch in man fan 23 fan De Tynje. De man hie syn bestelbus op de stoepe fan de Prins Hendrikkade stean en dat waard sjoen troch de tafersjochhâlder dy't mei syn kollega op paad wie. Hy joech de man fan De Tynje in bekeuring en dy waard der lilk oer.

    Doe't er fuortried, rekke er ien fan de amtners. Hy stapte út en pakte ien fan 'e manlju by de kiel. Dêrop waard help fan 'e plysje ynroppen. Dy hat de man fêstset op it buro.

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)