Tafersjoch yn Weststellingwerf

30 mrt 2011 - 14:13

Yn Weststellingwerf komme twa bûtengewoane opspoaringsamtners. It kolleezje hat dêr mei ynstimd. Doel is it tal lytse oertredings en oerlêst binnen de gemeente te ferminderjen. Te tinken falt oan lûdsoerlêst, graffity en fernielings fan bygelyks iepenbier grien.

Ut in feilichheidsmonitor dy't troch de gemeente yn 2009 hâlden waard, kaam nei foaren dat ynwenners graach mear tafersjoch wolle yn iepenbiere romten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)