Tafersjoch Phazezhuys bliuwt

03 feb 2014 - 13:05
  • It Phazezhuys yn Drylts

Soarchynstelling Het Phazezhuys yn Drylts bliuwt foarearst ûnder ferskerpe tafersjoch stean. Dat hat de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch moandei bekend makke. De ynspeksje besleat augustus ferline jier al dat der ekstra tafersjoch nedich wie, om't de begelieding fan de pasjinten net yn oarder wie.

It giet om pasjinten mei psychyske, psychososjale of psychosomatyske klachten. Om't der noch hieltyd problemen binne, bliuwt it tafersjoch ek de kommende tiid noch fan krêft.

Boppedat besjocht de ynspeksje oft der mear ûndernaam wurde moat om de boel by Het Phazezhuys wer op oarder te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)