Tafersjoch KNVB op jeugd

19 okt 2009 - 13:59

Kommentaar op de skiedsrjochter, skelle of fjochterij. Allegear om in fuotbalwedstriid. Yn it Noarden rint de KNVB elk wykein wol tsjin sokke ynsidinten oan. Net allinnich by folwoeksenen mar likegoed by de jeugd. Dêrom stjoert de KNVB sûnt in skoft waarnimmers nei jeugdwedstriden.

De KNVB tinkt dat bern it goede foarbyld meikrije troch it ekstra tafersjoch. It bûn hopet dat bern har letter better gedrage by wedstriden. De wurkwize liket oan te slaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)