Tafaller foar Boalsert

05 maaie 2007 - 14:20
  • Boalsert hat jild oer

Boalsert hat in flinke tafaller yn de jierrekken oer ferline jier. Ferwachte waard dat Boalsert sechtichtûzen euro oerhâlde soe, mar it is goed fiif ton mear. Dat komt om't net alle plande ynvestearringen ek útfierd binne.

De fertraging ûntstiet faak by tredde partijen dy't jild beskikber stelle foar bepaalde projekten. It jild dêr't net op rekkene wie, giet yn de pot algemiene reserves.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)