Taeke Triemstra brekt finger

13 apr 2009 - 17:34
  • Taeke Triemstra op de PC fan ferline jier (foto Martin de Jong)

Keatser Taeke Triemstra fan Sint Jabik hat trije wike foar de begjin fan it keatsseizoen in swiere blessuere oprûn. Hy hat de middelfinger op ferskate plakken brutsen en ek de pink is swier blessearre. Dat barde op in trainingskamp op Teksel.

It is it twadde kear dat Triemstra maleur hat flak foar de start fan it seizoen. Twa jier lyn hie er ek wat mei it ankel. Triemstra wûn yn 2006 en 2007 mei syn partuer de PC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)