Tadema stapt op by Sweltsjes

20 jan 2005 - 17:25

Meindert Tadema hat it earefoarsitterskip fan fuotbalferiening Ljouwerter Sweltsjes weromjûn. Hy docht dat omdat er fynt dat it sittende bestjoer der in rotsoai fan makket. Tadema en it bestjoer fan de Sweltsjes ha al in skoft spul. Bemiddelers ha de partijen net by elkoar bringen kinnen. .

De kwestje hat finansjele gefolgen foar de feriening. De haadsponsor hat him weromlutsen. Dat is in broer fan Meindert Tadema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)