Tabak en scooter stellen

24 jul 2011 - 13:38

Yn Kollum is yn de nacht fan sneon op snein op fjouwer plakken ynbrutsen. Ut in winkel oan de Foarstrjitte waard tabak stellen. By in bedriuw oan de Sjoerdawei waard deselde nacht in scooter stellen. Plysjes troffen dy even letter oan op de Riddersmawei.

By in oar bedriuw oan de Sjoerdawei en by in kantoargebou oan de Gerrit Bleekerstrjitte is ek ynbrutsen. It is noch net dúdlik oft dêr ek wat stellen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)