Taalweb yn oanpaste stavering

07 okt 2014 - 16:24
  • Fryske flagge

Op it Provinsjehûs yn Ljouwert is tiisdei in demo presintearre fan it Taalweb Frysk. De webside is makke troch de Fryske Akademy. Hy giet út fan in oanpaste stavering. It taalweb bestiet út in Fryske wurdlist, in staveringshifker en in oersetprogramma.

Deputearre Steaten is wiis mei it nije Taalweb yn oanpaste stavering. It giet om mar in pear lytse oanpassings, seit deputearre Jannewietske de Vries. Provinsjale steaten moatte noch wol grien ljocht jaan foar de wurdlist en Taalweb. Se sille dêr nei alle gedachten yn desimber oer gear.

It Taalweb komt pas on-line as Provinsjale Steaten grien ljocht jûn hawwe. It Taalweb is neffens deputearre De Vries fan grut belang as helpmiddel foar it ûnderwiis.

Ferline jier wie der frijwat krityk op it foarstel om de Fryske stavering oan te passen. Nei oanlieding dêrfan hawwe der ek diskusjes west tusken wurdboekmakkers fan de Fryske Akademy en guon fan de kritisy. Dat hat lykwols net laat ta in oanpast staveringsfoarstel. Neffens âld-wurdboekmakker Anne Dykstra bliuwt der yn it Frysk lykwols alle romte foar taalferskaat en fariaasje. Yn de Fryske wurdlist steane de foarkarsfarianten yn de foarkarsstavering, minsken en skriuwers binne fierder frij om dy wol as net te brûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)