Taaltest moat ek yn it Frysk

22 maaie 2003 - 00:00

It Ryk moat by it hifkjen fan taalbehearsking fan bern rekken hâlde mei de twatalige situaasje yn Fryslân. Dat fynt de Feriening foar Frysk Underwiis (FFU). By testen oant no ta wurdt inkeld de kennis fan it Nederlânsk hifke. It nivo fan Fryske bern is dêryn net altyd like heech.

De FFU trunet der yn in brief op oan dat Deputearre Steaten aksje ûndernimme. Yn lanlik peilingûndersyk komt de Fryske taal net foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)