'Taalmuseum by Aldehou'

13 jan 2012 - 11:29

De AFUK en Tresoar wolle tegearre in permanint taalmuseum realisearje op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Dat stiet yn it tongersdei presintearre beliedsplan fan 'e AFUK. It museum 'Lân fan taal' moat sa'n 8 oant 10 miljoen euro kostje en soe der yn 2018 stean kinne.

It museum oer taal en skiednis moat nijsgjirrich wêze foar Friezen, foar toeristen en benammen ek foar Friezen-om-utens. Dy kinne dan yn it museum har eigen 'roots' ûndersykje. AFUK en Tresoar binne al oer it plan yn petear mei provinsje en gemeente. It museum soe komme moatte op de grienstrook op it plein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)