Taaldatabank by Fryske Akademy

25 jun 2001 - 00:00

De Fryske Akademy is dwaande mei in Fryske Taaldatabank dy't op ynternet komt. De Taaldatabank is ornearre foar sawol minsken mei niget oan it Frysk as foar wittenskiplik ûndersyk.

De databank is de earste samling fan Fryske boeken, kranteartikels en oare publikaasjes op ynternet. It is de bedoeling dat yn de takomst alles dat yn it Frysk ferskynt, opnommen wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)