Taakstraf yn saak Argos

21 mrt 2014 - 20:04
  • Stille tocht foar hûn Argos

De manlju dy't fertocht wurde fan de fatale mishanneling fan de hûn Argos hawwe fan de rjochter wurkstraffen fan 100 en 80 oeren krigen. Ek krije se ien moanne selstraf ûnder betingst. De hûn waard op 28 desimber ferline jier deastutsen yn de Curacaostrjitte yn Ljouwert neidat er in oare hûn oanfoel. De rjochter keas foar in taakstraf, ek al hie er selstraf jaan mocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)