Taakstraf spiler fan De Lemmer

12 nov 2007 - 16:22

In spiler fan fuotbalklub De Lemmer hat in taakstraf fan 120 oeren krigen. Hy gie yn febrewaris yn de fout by in wedstryd tusken De Lemmer en Dronryp. Dêrby rekke in spiler fan Dronryp swier ferwûne oan knibbelkrúsbannen.

De ferwûning wie sa slim dat it slachtoffer twa kear ûnder it mes moast en in skoft út it wurk rekke. Der wie in taakstraf fan 180 oeren easke. De spiler wie earder al foar 10 wedstriden skorst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)