Taakstraf foar twang pisdrinke

02 apr 2009 - 15:49

Twa Ljouwerters binne troch de rjochtbank feroardiele ta in taakstraf fan 240 oeren foar mishanneling fan in jonge (16). De dieders hiene spul mei de jonge en twongen him te kiezen tusken klappen krije of urine drinke. Hy keas foar it lêste, wêrnei't er trije kear spuie moast. Ek waard op de jonge sketten mei in luchtbuks.

Neist de taakstraf moatte de dieders elk noch 1000 euro skeafergoeding betelje. De offisier fan justysje hie selstraffen easke fan 7 en 9 moanne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)