Taakstraf foar F16-piloat

03 maaie 2005 - 16:17

In piloat fan de fleanbasis Ljouwert hat in taakstraf fan 60 oeren krigen. De man fleach yn desimber mei in F16 boppe Warmenhuizen (NH), mar folle leger as de 300 meter dy't tastien is. Hy soe dat dien ha om syn heit lok te winskjen mei de jierdei.

Njonken de taakstraf moat de man ek skeafergoeding oan in boer betelje. Dy syn fee rekke sa oerstjoer fan de leech fleanende F16, dat it dêrtroch minder molke joech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)