Taak Woudagemaal sit der wer op

13 feb 2002 - 00:00

It Woudagemaal op 'e Lemmer mealt woansdei noch oant 20.00 oere jûns. Wetter- skip Fryslân fynt de waarsferwachting foar de kommende dagen sa goed dat de ynset fan it gemaal net mear nedich is.

Fia de sluzen fan Lauwerseach kin it wetterskip foldwaande wetter kwyt. Minsken dy't it wurkjende Woudagemaal noch sjen wolle, kinne har melde by de VVV op 'e Lemmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)