Taai ONS makket it Ajax dreech

31 okt 2012 - 22:11

Haadklasser ONS Boso Snits hat woansdeitejûn lânskampioen Ajax geweldich goed partij jûn yn de 3e ronde fan de KNVB-beker. De Amsterdammers, dy't lang net op oarlochssterkte wiene, spilen wol yn in heger tempo, mar se krigen amper kânsen. Kânsen dy't de Snitsers ek net krigen. It duorre oant de 75e minút, doe makke Viktor Fischer de 1-0 foar Ajax. Krekt foar de ein seagen de 7500 taskôgers de 2-0 fan Ajax, in frije traap fan Stefano Denswil. Om de striid te winnen waarden Sulejmani, Eriksen en Babel troch trainer Frank de Boer ynbrocht.

Trainer Jan Vlap makke bekend dat hy nei dit seizoen ophâldt as trainer fan ONS. Hy hat dan trije jier haadtrainer fan de Snitser haadklasser west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)