't Hart mei boppe Waad fleane

20 jan 2009 - 21:27

De seehûnekres fan Lenie 't Hart mei dochs luchtfoto's meitsje boppe de beskerme stikken fan de Waadsee, as der in gedegen ûndersyksplan op tafel komt. Dat sei de provinsje Fryslân tiisdei by de Raad van State, by de rjochtsaak dy't 't Hart oanspand hie.

Se krijt gjin tastimming luchtfoto's te meitsjen omdat sokke foto's al makke wurde troch wittenskipsburo Imares. 't Hart seit lykwols dat dy it materiaal net beskikber stelle wol. De Raad docht oer twa wike útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)