't Hart gastskriuwer yn Leiden

02 jul 2003 - 00:00

Kees 't Hart út Ljouwert is de nije gastskriuwer oan de Universiteit fan Leiden. Fan septimber ôf sil 't Hart in wurkkolleezje hâlde oer ferskate wizen fan lêzen. Boppedat sil de Ljouwerter skriuwer twa iepenbiere lêzings jaan, sa hat de universiteit bekend makke.

It gastskriuwerskip is yn 1985 oan de Leidse letterenfakulteit ynsteld. Eardere gastskriuwers yn Leiden binne ûnder mear Gerard Reve, Maarten 't Hart en Hugo Brandt Corsius.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)