Tûke op spoar troch hurde wyn

07 des 2011 - 16:41

In trein tusken Hurdegaryp en Ljouwert hat woansdei in flinke tûke oanriden. De tûke wie troch de hurde wyn op it spoar telâne kaam. De masinist moast remje, mar koe ridlik gau wer fierder ride. De tûke soarge foar in lytse fertraging yn de tsjinstregeling. De treinen ride wer op skema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)