Systeembouwenten yn Drachten

25 nov 2002 - 00:00

It Fryske boubedriuw VDM hat de earste systeembouwenten yn de ferkeap yn Drachten. De boukosten fan systeembou binne 15 persint leger. Ek hawwe de bewenners mear sizzenskip oer de yndieling.

VDM hat it systeem sels ûntwikkele nei oanlieding fan de grutte fraach nei goedkeapere en fleksibelere wenten. It projekt rint sûnt 1999. De earste saneamde IFD-wenten wurde realisearre yn de wyk De Swette yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)