Syryske âld-proffuotballer docht mei oan wedstriid yn Harns

26 sep 2015 - 16:46

By de rekreative fuotbalwedstriid dy't sneontemiddei organisearre waard tusken de flechtlingen yn de needopfang yn Harns en de ynwenners fan de stêd, die ek de Syryske âld-proffuotballer Mahdi mei. De wedstriid waard organisearre troch sportcoach en jongerewurker Stijn Kooiman, om in part fan de flechtlingen yn de Waddenhal wat ôflieding te jaan.

De âld-professional foel neffens Kooiman al gau op tusken de oare spilers troch syn goeie spul. Mahdi hat sawat in jier yn it nasjonale alvetal fan Syrië spile.

Hy is bot te sprekken oer de wedstriid dy't sneontemiddei op poaten setten waard. Fierder is hy hiel tankber foar de needopfang dy't de Harnzers biede.

Ek de kommende dagen wurde der by de needopfang ferskate sportive aktiviteiten halden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)